Simulator lit sjen hoe gefaarlik ôflieding yn it ferkear is

12 aug 2020 - 16:46

Efkes gau in appke lêze wylst op de sneldyk rydst of miskien dochs ek gau efkes dat appke beäntwurdzje: noch hieltyd sitte bestjoerders op harren telefoan ûnder it riden. De telefoan soarget foar ôflieding yn it ferkear en dat kin gefaarlik wêze en sels ta deadlike ûngelokken liede.

We witte it allegearre en dochs dogge we it. En net allinnich de telefoan soarget foar ôflieding. Yn in spesjale simulator kinne je no mei in VR-belibbing de ôfliedingen yn de auto ûnderfine.

Autokoereur Tim Coronel nimt as earst plak yn de simulator. It apparaat stiet op de Kartbaan fan de bruorren Tim en Tom Coronel yn Huizen. Yn gearwurking mei it Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF) en it Regionaal Ondersteuningsbureau Verkeersveiligheid Zuid-Holland is de virtual reality realisearre om minsken sjen te litten hoe gefaarlik ôflieding yn it ferkear is.

Oflieding yn it ferkear

Oflieding is in wichtige oarsaak fan ferkearsûngelokken. Underweis belje ferdûbelet it risiko op in ûngelok. Underweis in tekst lêze of type makket dy kâns seis kear sa grut. Dielnimmers yn it ferkear binne har faak net genôch bewust fan de risiko's dy't ôflieding yn it ferkear mei him meibringt.

Om dit probleem oan te pakken wurkje ROF en ROV Zuid-Holland gear mei Stichting Responsible Young Drivers. Dizze stifting komt út Drachten en hâldt kampanjes om jongerein bewust te meitsjen fan gefaren yn it ferkear. Utkomst fan de gearwurking is de VR simulator 3D-Afleiding Car: in nij instrumint yn it stribjen nei mear ferkearsfeilich gedrach.

Foto: -

VR simulator

De basis fan de VR simulator is in opstelling fan in firtuele auto. Dielnimmers nimme plak efter it stjoer en ûnderfine dan yn 3D hoe gefaarlik ôflieding yn de auto wêze kin. Trochdat de dielnimmer it sels ûnderfynt, is de kâns op in effekt yn gedrach it grutst.

Omstanners kinne op skermen meisjen wat de sjauffeur fan dat momint belibbet. In kampanjeteam fiert petearen mei de bestjoerders fan de simulator om harren bewust te meitsjen. De simulator is yn de basis bedoeld foar jonge automobilisten. Ut de meast resinte sifers docht bliken dat sy de grutste risikogroep binne. De bestjoerders mei net folle ûnderfining binne har faak net genôch bewust fan de risiko's dy't je rinne kinne yn it ferkear.

Tim Coronel

Tim Coronel hat him as ambassadeur ferbûn oan de MONO-kampanje. As profesjoneel autokoereur wit hy as gjin oar dat it fan krúsjaal belang is om dyn eagen op de dyk te hâlden ast rydst. "Deze simulator laat mensen in een veilige setting ervaren wat er zou kunnen gebeuren als je even niet oplet. Ik zeg daarom: doe het niet! Laat je niet afleiden. Rij MONO, ongestoord onderweg", seit Coronel.

De simulator 3D-Afleiding Car giet fan 12 augustus ôf it lân yn en is ek beskikber yn België.

Foto: -

Yn de simulator

(advertinsje)
(advertinsje)