Rekreaasjeskip Marrekrite kin drokte mar krekt oan

12 aug 2020 - 16:23

De Marrekrite kin de drokte op it wettter noch mar kwealik oan; der wurde in soad oeroeren draaid en suver by eltse kontener mei ôffal stiet de klep iepen om't er hielendal fol sit. "Het is al echt aanpoten om het in een regulier seizoen voor elkaar te krijgen, maar nu is het echt bijna niet te doen", seit Marrekritedirekteur Lourens Touwen.

Wy farre yn it gebiet fan de Snitser Mar op it iennige skip dêr't it rekreaasjeskip it ôffal mei ophellet. Wat opfalt, is dat der by in soad konteners ôffal nêst set is. By de Marrekrite sjogge sy leaver dat minsken eefkes trochkuierje nei de folgjende, want foardat je it witte hawwe seemokken of rotten de plestik pûden iepen en wurdt it in binde.

Skipper Theo Tiekstra hat it noch nea sa drok meimakke, mar fermakket him noch bêst: "It is hartstikke leuk, mar it moat net drokker wurde!" Eefkes letter hellet hy in benzinetank mei noch in restant brânstof dêryn út de ôffalparse op it foarskip. "Dat wie hast ferkeard gong", seit er en leit it oan dek.

"Dan begjint it te stjonken"

Tiekstra: "Wy hawwe op ien dei seis ton rotsoai ophelle en op in moandei is dat in soad hear. Dat is gewoanwei mar twa ton." Yn in hiel jier wurdt sa'n 175 ton ôffal ophelle en no tinkt hy op 300.000 kilo út te kommen. "Der binne mear minsken, der is mear ôffal en de minsken hâlde de pûde net mear oan board mei dizze waarmte. Dan begjint it te stjonken."

Dus wurdt der folop gebrûk makke fan de ôffalynsamling fan de Marrekrite.

Konteners fol ôffal - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dat falt ek genôch minsken op, sa wit direkteur Touwen: "Mensen zijn heel voorzichtig om het als klacht te definiëren, maar ik had gisteren een mijnheer die zei 'nou staat dat afval er nog steeds naast. Misschien moeten jullie hier even komen'. Maar dat is niet hetzelfde spul wat je vorige week zag staan, zei ik tegen die man. Het is weer nieuw spul." Mear minsken betsjut ek mear skea. Twa steigers binne dwers trochmidden fearn.

Skipper Theo Tiekstra oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Dagelijks complimenten"

Mar de ynset fan de Marrekrite wurdt ek tige wurdearre. "We krijgen echt dagelijks complimenten van mensen. Het zou wel eens leuk zijn om openbaar te maken wat voor mails we allemaal wel niet krijgen. Mensen vinden het helemaal geweldig die service die we hier in Fryslân nog bieden. En het is ongekend met 35 kilometer aan ligplaatsen in het buitengebied, het maaiwerk en het afval ophalen."

Drokte foar de wâl - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)