Ljouwerter (19) op stellen snorfyts naait út en soarget foar konsternaasje

In 19-jierrige Ljouwerter op in stellen snorfyts hat woansdei foar konsternaasje soarge yn it sintrum fan Ljouwert. In motorplysje woe de man by de Oosterstraat kontrolearje, mar dy naaide mei hege snelheid út nei it sintrum. De bestjoerder fleach fierstente hurd oer de dyk en ried gefaarlik by fuotgongersgebieten en krusingen.
© ANP Foto
By de Dokkumer Ie liet er syn snorfyts efter en ferstoppe hy him yn in tún. De man woe pas meiwurkje nei it driigjen mei pepperspray. It die bliken dat de snorfyts stellen en opfierd wie. De man is oanholden en hat in proses-ferbaal krigen foar it negearjen fan in stopteken, gefaarlik ride en it brûken fan in opfierde snorfyts.
Nei de stellerij fan de snorfyts docht de plysje noch ûndersyk. De plysje freget minsken dy't in filmke of foto makke hawwe fan de efterfolging, om kontakt op te nimmen mei de plysje.