Fuotbalklups yn Noardeast-Fryslân smite kompleksen ticht fanwegen coronabesmettingen

12 aug 2020 - 15:00

Meardere fuotbalklups yn de regio Noardeast-Fryslân hawwe besletten harren sportkompleksen ticht te smiten, omdat spilers fan de klups posityf test binne op it coronafirus.

Fuotbalfjild - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens foarsitter Marco Tilma fan VV Ternaard hawwe de klups it beslút mei-inoar nommen, omdat meardere spilers corona hawwe. Twa spilers fan syn fuotbalklup binne posityf test op it coronafirus. Ek by VV Wardy binne twa fuotballers posityf test.

De klups dy't harren kompleks tichtsmite binne VV Ternaard, VV Blije, VV Holwert, Be Quick Dokkum, VV Wardy út Ferwert en VV Ropta Boys út Easternijtsjerk. Woansdeitejûn nimme noch twa oare klups út de regio in beslút oer de mooglike sluting fan harren kompleks, dat binne VV Anjum en VV Oostergo fan Ie.

"Firus ûnder kontrôle krije"

"De kompetysje moat noch even wachtsje", seit Marco Tilma, foarsitter fan VV Ternaard. It beslút is naam yn de mande mei oare klups en de ferieningen yn it doap. We wolle de útbraak net grutter meitsje en dêrom is dit besletten."

It earste sit yn thúskarantêne nei in besmette spiler. "Dy hat ferline wike twa kear traind, de bekende gefallen binne te linken oan it gefal yn Dokkum."

Tilma wachtet op ynformaasje fan de GGD. "De ynfo is soms wol lestich te krijen fan ynstânsjes. We moatte earst it firus ûnder kontrôle krije en dan ha we letter hooplik noch in moai fuotbalseizoen."

Ek spilers Holwert test

Fjouwer spilers fan fuotbalklup VV Holwert binne ek resintlik test. Sy wiene ferline wike op in feestje yn Ternaard, dêr't ien persoan besmet wie mei it coronafirus. "Sy wachtsje noch op de útslach", seit de wedstriidsekretaris fan Holwert. "Foarearst spylje de fuotballers ien wike net."

Ek VV Blije hat besletten foarearst alle aktiviteiten te skrassen. "Der binne by ús op dit stuit gjin besmettingen, mar út foarsoarch hawwe wy besletten it kompleks ticht te smiten. De earste seleksje wie al dwaande mei de trainingen, mar it kompleks giet no foarearst op slot", fertelt foarsitter Dirk Kamma.

Hoelang ticht?

De terminen fan de slutingen fan de fuotbalklups rinne útinoar. Sa skrast Be Quick yn Dokkum alle aktiviteiten oant en mei kommende sneon. VV Ropta Boys hat oanjûn it sportkompleks foar ûnbepaalde tiid ticht te dwaan.

Ofrûne wykein makke VV Dokkum al bekend alle aktiviteiten oant en mei 23 augustus te skrassen. By de klup wiene twa spilers fan it earste alvetal besmet mei it coronafirus.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Wardy yn Ferwert

It fuotbalbûn KNVB neamt de beslissing fan de klups 'rigoreus'. "Hier hadden we geen rekening mee gehouden, maar ik begrijp het wel", fertelt Nicolien Bekkink fan de KNVB.

(Advertinsje)
(Advertinsje)