Ungelok A32 kaam troch sinnebril

15 nov 2011 - 11:38

It ûngelok op de A32 by Wolvegea fan moandei dêr't twa minsken by ferwûne rekken, kaam trochdat ien fan de belutsenen syn sinnebril pakte.

De 20-jierrige frachtautosjauffeur út Anna Paulowna hie lêst fan de leechsteande sinne en woe de sinnebril op sette. Hy fernaam te let dat foar him in auto stilstie en ried der boppe-op. De minsken yn dy auto, in man fan 84 en syn passazjier fan 83 jier, rekken ferwûne. Se binne nei it sikehûs ta brocht. Troch it ûngelok ûntstie der in file fan fiif kilometer.

Trefwurden: 
ûngelok A32
(advertinsje)