Operaasje Fryske Flagge: Mariët Wezeman krijt alle moannen in oranjekoeke yn Sydney

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Mariët Wezeman, se wennet yn Sydney, Australië.
© Mariët Wezeman
Mariët Wezeman wennet yn Sydney. Se is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Akkrum. "Myn Ingelsk wie net sa goed, dêr woe ik feroaring yn bringe en sa waard it Australië. Ik bin hjir 6 jier lyn op in working holiday-fisum kaam, soe nei hûs ta nei in jier, mar sit hjirre noch mei in soad plezier en ha no in fulltime baan yn Sydney yn in hotel. It is in prachtige stêd mei strannen en it is faak moai waar, it is hearlik hjir."
Se mist Fryslân wol. "Myn famylje en freonen en ik mis de taal, fia social media hâld ik kontakt. En alle moannen krij ik in oranjekoeke opstjoerd, myn âlders ha in banketbakkerij. Sûnder slachrjemme fansels, mar dat goai ik der hjir wol op."

Wat hasto mei de Fryske flagge?

"De Fryske flagge docht my tinken oan thús, oan myn famylje en it prachtige Fryske lân."
Mariët Wezeman
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Besjoch de kaart mei 110 ynstjoeringen.