200 Friezen yn karantêne op advys fan GGD

12 aug 2020 - 13:45

Op dit stuit soene der sa'n 200 Friezen thús yn karantêne sitte moatte. Dizze minsken hawwe dat advys, nei boarne- en kontaktûndersyk, krigen fan GGD Fryslân.

Foto: Shutterstock

Neist de 200 minsken dy't dat advys krigen hawwe, binne der ek minsken dy't sels beslute yn karantêne te gean. It kin bygelyks sa wêze dat sy net binnen de kritearia fan de GGD falle, mar dochs selsstannich beslute it wisse foar it ûnwisse te nimmen. Dêrtroch kin it getal noch heger útfalle. Tagelyk is it by de GGD net bekend oft de minsken it advys ek echt opfolgje.

Freonegroep

Mei de resinte útbraak en it grutte oantal besmettings yn de besmettingskluster yn Dokkum yn 'e achterholle, liket 200 karantêne-advizen yn Fryslân miskien net in soad. Neffens Marcel de Jong fan GGD Fryslân komt dat omdat der in soad ferdûbelings yn de kontakten sitte. De útbraak yn Dokkum spilet yn in freonegroep en dêrtroch hawwe in soad fan de besmette persoanen deselde kontakten dy't nei foaren komme yn it ûndersyk.

Risikogebieten

Utsein de minsken dy't yn karantêne gean nei't se út in boarne- en kontaktûndersyk nei foaren kamen, kinne der minsken wêze dy't werom kaam binne fan in fakânsje yn in risikogebiet. Sy hoege har net te melden, dus hoefolle Friezen der yn in risikogebiet west hawwe en hoefolle fan harren echt yn karantêne gien binne, is ûnbekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)