Camping Appelhof giet ticht; GGD test op Skylge

12 aug 2020 - 12:58

Jongereincamping Appelhof op Skylge slút mei yngong fan moandei 17 augustus syn doarren. Dat is twa wiken earder as de planning. Dêrta hat eigener Geert-Jan van Dieren besletten nei't woansdei bekend waard dat twa campinggasten besmet binne mei it coronafirus. "Het seizoen begint af te lopen, maar nu blijkt dat twee van onze bezoekers besmet zijn geraakt met het coronavirus, gaan we eerder dicht. Gasten worden benaderd om kosteloos te annuleren."

Twa jongeren út Noard-Hollân testen by thúskomst nei in ferbliuw op de Appelhof posityf op it coronafirus. It is neffens de GGD mooglik dat se op 'e camping besmet rekke binne, of oare minsken besmet hawwe yn de earste wike fan augustus. Dit betsjut dat oare besikers mooglik ek it firus oprûn hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Van Dieren stelde de gemeente fuortendaliks op de hichte doe't hy hearde dat de jongens posityf testen. Dêrnei is er lykwols min op 'e hichte hâlden, seit er: "Dat stoort me. Ook dat wij zo duidelijk worden genoemd. Ik vraag me af of dat bij andere campings ook gebeurd zou zijn."

Kontaktûndersyk

Van Dieren sil de campinggasten dy't der no binne en dy't der tagelyk mei it besmette twatal wiene, ynformearje. De GGD docht ek boarne- en kontaktûndersyk. Dy ropt jongerein dy't ferline wike op 'e camping wie op har by klachten teste te litten. Dêrfoar kin sûnt woansdei online in ôfspraak makke wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Dit wil je niet, het is heel erg vervelend voor getroffenen en de ondernemer. Maar het was niet de vraag of maar wanneer het virus op Terschelling zou opduiken. De eilanden zijn overvol met toeristen, dus het verbaast me niet", seit waarnimmend boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld.

'Wake-upcall'

Neist de bekende regels docht se noch in berop op de gasten: "Als je op drukke plekken bent, draag dan een mondkapje. Ik verwacht dat het een wake-upcall is voor ondernemers en gasten om zich aan de maatregels te houden. Ik zie dat ook bij gasten als ze van de boot komen, dat ze denken we zijn op een eiland, maar wij maken ook deel uit van Nederland."

Se docht in berop op de ferantwurdlikheid fan de eilanners, ûndernimmers en gasten. "Samen doen we ons uiterste best om het virus in te dammen." Se fynt it ferstannich dat de camping earder ôfbout.

Ferslachjouwer Onno Falkena en boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld

It gemeentehûs fan Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)