Skipper drinkt 4 liter bier en krijt boete en farferbod

12 aug 2020 - 10:19

In Ljouwerter (60) dy't op 13 septimber foarich jier oanhâlden waard nei't er te hurd mei syn motorboat oer de Wide Greuns yn Ljouwert fear, hie tefolle dronken. Hy krige woansdei troch de rjochter in boete fan 750 euro en in farferbod fan in healjier ûnder betingst oplein.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter fêstige de oandacht fan de plysje op him trochdat hy te hurd en sûnder ferljochting fear. Hy wie oan de ein fan de middei te farren gien. Hy hie sels bier meinaam en by in freon fan him ek noch dronken.

De man skatte dat hy dy dei opteld fjouwer liter bier dronken hie. Ut de alkoholtest die bliken dat de Ljouwerter hast trije kear mear ophie as wetlik tastien.

Normaal stiet op sokke promillaazjes in boete fan 1.000 euro. De rjochter hold der wol rekken mei dat de man al jierren in WAO-útkearing hat. De boete fan 750 euro mei hy yn seis moanlikse terminen betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)