VV Ropta Boys skrast trainings en wedstriden fanwegen corona

VV Ropta Boys yn Easternijtsjerk skrast alle trainings en oefenwedstriden foar ûnbepaalde tiid, om't ien by de fuotbalklup it coronafirus oprûn hat. Ek de 'Himmeldei' kommende sneon giet net troch.
© Google Street View
In persoan by de fuotbalklup hie yn oanrekking west mei ien dy't posityf test is op it coronafirus. De by de klup belutsen persoan is yntusken ek posityf test op firus. "'Onze' persoon kon door omstandigheden maandag een spoedtest uit laten voeren, waar jammer genoeg een positieve uitslag op volgde", skriuwt de klup op harren webside.
It bestjoer fan de Ropta Boys hat kontakt opnaam mei de GGD om te sjen hoe't se dermei omgean moatte. De oanwêzigenslist dy't ôfrûne sneon by de yngong fan de klup lei, wurdt dêryn meinaam. Minsken dy't de list sneon net ynfolle hawwe, wurdt frege har te melden by it bestjoer.
De klup freget minsken dy't sneon by it Teatsen west hawwe of dy't coronaklachten hawwe, har teste te litten.