GGD iepenet testlokaasje op Skylge nei coronabesmettings by campinggasten

12 aug 2020 - 12:40

GGD Fryslân iepenet tongersdei in tydlike coronatestlokaasje op Skylge. Direkte oanlieding is in positive coronatest by twa Noard-Hollânske jongeren, dy't de ôfrûne wike op camping Appelhof op it eilân ferbleaune.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De twa jongeren út Noard-Hollân testen by thúskomst posityf op it coronafirus. It is neffens de GGD mooglik dat se op 'e camping besmet rekke binne, of oare minsken besmet hawwe yn de earste wike fan augustus. Dit betsjut ek dat oare besikers mooglik ek it firus oprûn hawwe. "Het is niet duidelijk of ze het virus hier hebben opgelopen, maar ze hebben hier besmet rondgelopen", seit waarnimmend boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld.

Sy seit skrokken te wêzen fan it nijs: "Maar we wisten natuurlijk dat het hier zou kunnen voorkomen." Neffens har hat de Appelhof der alles oan dien om de camping sa yn te rjochtsjen dat de oardel meter hanthavene wurde koe. "Maar de jeugd, ook in het hele land, laat zich steeds minder sturen. Dat is ook de reden dat het op deze camping misgaat."

Boarne- en kontaktûndersyk

GGD Fryslân ropt jongeren dy't ferline wike op 'e camping wiene op har by klachten teste te litten. Ut boarne- en kontaktûndersyk hat de GGD net de yndruk dat de jongeren op it eilân kontakt hân ha mei âldere of kwetsbere minsken, of mei minsken bûten de Appelhof.

De Brandaris fan de Noordsvaarder ôf op Skylge - Foto: Remco de Vries

"De GGD en de Veiligheidsregio komen met extra testcapaciteit naar het eiland om gasten die er nu zijn - niet alleen op deze camping, maar ook op andere campings - te kunnen testen bij klachten. Dat geldt ook voor eilandbewoners", seit Hermans-Vloedbeld. Wa't klachten hat, kin fan tongersdei ôf nei de testlokaasje. Wêr't dy lokaasje krekt ynrjochten wurdt, is noch net bekend.

Ferantwurdlikens nimme

De eigener fan de Appelhof sil de campinggasten dy't er no binne en dy't der tagelyk mei it besmette twatal wiene, ynformearje. Toeristen kinne noch gewoan nei it eilân komme, mar Hermans-Vloedbeld ropt minsken op om har ferantwurdlikens te nimmen. "Ik vraag van iedereen om zich te houden aan de coronamaatregelen zoals ze ons door het kabinet zijn opgelegd. En als je drukke plekken bezoekt, draag een mondkapje!"

Waarnimmend boargemaster Jon Hermans Vloedbeld

It binne net de earste coronabesmettings op Skylge. Yn april waard it firus al fêststeld by in âldere bewenner fan it eilân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)