Kollum: "Kommunikaasje"

"Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Leeuwarder Courant, hat sneon boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân efkes it mannewaar opsein yn it deistige haadartikel yn de krante.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
As soks terjochte is, sit ik op de earste rige te applaudissearjen. Ditkear klapte ik net. Sander kapittelet Johannes om't dy trochkrige dat der yn Dokkum minsken by in feestje besmet rekke binne mei corona. Johannes sette dat op Facebook. Ek op Twitter, mar dat lêst Sander blykber net, want hy ferbea oerheidsman Johannes inkeld om tenei Facebook te brûken.
De Leeuwarder Courant kin nammentlik net wurkje mei oerheidslju dy't sels mar wat dogge op de sosjale media. No die Johannes net samar wat. Hy ferbruts himsels alhiel en sette it berjochtsje yn it Nederlânsk op de sosjale media en warskôge derby ek noch efkes op de wenstige toan fan oerheidslju: 'Jongens, denk alsjeblieft om wat we met z'n allen hebben afgesproken, niet aan elkaar zitten.'
Sander lies dat op Facebook, drukte syn laptopke oan en seach op de webside fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêr sjocht foar it oare nea immen nei, want elkenien docht it mei Facebook of Twitter. Of hielendal net. Dus dêr stie noch neat op. En dêr wie Sander lulk oer.
Hy wol dat Johannes sokke dingen tenei earst offisjeel fia syn kommunikaasjeadviseurs op de webside set. En in parseberjocht nei Sander stjoert. Dan komt de LC dêrnei. Ek op de sosjale media foar it oare. Dan pas mei om Sander elkenien der op Facebook op trochhaffelje. Johannes eventueel ek wol, al hat Sander dat leaver net want dan liket hy tefolle op Trump. En ek dat wie in gedachte dy't oare formalisten graach fan Warmerdam oernamen.
Formalisme yn de kommunikaasje is fansels deadlik foar dy kommunikaasje. Lance Armstrong sette nei elke etappe ien kwoot op sosjale media, en elkenien wie der deabliid mei, dan hiene je teminsten wat. Oerheden kuierje al lang de wei dy't Sander net wol. 'Gehoorgestoorden' hoege net te wachtsjen dat hy Rutte syn ferhaal yn de krante setten hat, se sjogge mei nei wat Rutte seit. Yn sa'n tiid libje we no.
Der wie it wykein in man dy't syn op slot sette fyts by in sleat in ein bûten Warten stean hie. Der lei ek syn jas. Nuver, de man wie fuort. De plysje kaam derby. Se sochten efkes, mar ûnderwilens fregen se ek op Facebook oft immen hjir ek wat fan wist. De man reagearre daliks en sei op Facebook dat hy de fyts en jas fergetten wie. 'Bring se my mar', of sa. Docht der ek net ta. As der earst in parseberjocht fan de plysje ferskynd wêze moatten hie, hienen se yntusken trije dagen socht as wylden en alle sleatten omdold, foardat dy man wat heard hie.
Ik wit ek wol wat der oan Facebook en Twitter mankearret. Alles wat minsken brûke kinne, wurdt no ienris ek misbrûkt. Mar jonges, de kommunikaasje giet no wol hûndert kear sa hurd. Ik snap it geseur ek net. Eartiids moasten de media har altyd deabelje as der ek wat wie, no sette brânwacht en plysje it daliks op Facebook. Ja, dan is de brân alwer út foardat de media der wat mei dien ha, mar it is dochs it wichtichste dat dy brân wer út is.
Media soenen dêr handich op ynspylje kinne, mar dat dogge se net. Se smite ús dea mei komkommernijs. Ik wol net fan elke keatsslach op de hichte hâlden wurde, ik wol inkeld efkes witte wa't it wûn hat. Ik wol net lêze dat de brânwacht in kat út in gloppe weifiske hat. Unnijs. No kinne je sizze, smyt dy media dan fan Twitter. Mar dy ha ek wolris goede eigen dingen dy't ik graach witte wol. Dat sette se ek op Twitter, want se witte al lang dat de krante inkeld noch goed is foar wat eftergrûnferhalen, rou-advertinsjes, meidielings en it ynpakken fan fisk.
Dus Sander, Johannes die it neffens my tige goed. Op freedtejûn dochs de minsken berikke, de saak yn gong sette. In boargemaster dy't bûten de net iens ôfprate offisjele paden giet, en tinkt 'ach, as de amtners no yn in feestje yn Dokkum sitte, ach dan warskôgje ik Sander sels wol efkes. Want dy sit ek op Facebook'."