Boksgala 'Knokken met je Hart' krijt twadde edysje

12 aug 2020 - 07:44

It boksgala 'Knokken met je Hart' wie ferline jier in grut sukses en dêrom wol de organisaasje it dit jier opnij organisearje. Foar it evenemint stappe ûndernimmers yn de ring en bokse se tsjin elkoar. It doel is om safolle mooglik jild op te heljen foar Stichting Hartekind, in stichting foar medysk ûndersyk nei bern mei in hertôfwiking.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Foarich jier waard 'Knokken met je Hart' foar it earst organisearre. Doe diene der 16 boksers mei. Sy waarden, sûnder ûnderfining, klearstoomd foar it boksgala yn it WTC-hotel yn Ljouwert. It wie in grut sukses en Stichting Hartekind krige in sjek fan leafst 43.786 euro oerlange.

Grutter oanpakke

De útdagings fan dizze tiid wjerhâlde organisator Bauke Lodewijk der net fan om it evenemint dit jier wer te organisearjen: "It sukses fan de earste edysje foarich jier is dreech te belykjen, mar we gean derfoar."

Dit jier wol de organisaasje it noch grutter oanpakke: der is plak foar 24 boksers. Foarich jier kamen de measten út Ljouwert, mar dit jier wurdt de folsleine provinsje derby belutsen. De minsken dy't har opjûn hawwe, wurde de kommende tiid traind.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Charlotte Landman is ien fan de dielnimmers oan de edysje fan dit jier. Hertsykten sitte by har yn de famylje: har heit is der trije jier lyn oan ferstoarn en koartlyn waard by har suske ek in hertsykte fêststeld. "We hebben toen zelf gemerkt dat er niet genoeg geld is voor onderzoek." Landman bokst sels al in skoft en fûn it dêrom ekstra bysûnder om mei te dwaan. "Nu kan ik mijn hobby combineren met het ophalen van geld voor onderzoek."

Sukses

De organisaasje hie ferline jier om dizze tiid hinne noch mar trije oanmeldingen, mar dit jier binne dat der al fjirtjin. Lodewijk hat dêr wol in ferklearring foar: "As je it filmke sjogge fan ferline jier: der siet 500 man yn de seal, wylst minsken tochten dat it yn in eftersealtsje wêze soe mei wat steantafels en wat nútsjes. It wie in megagala en in megasukses!"

De earste offisjele trainings foar it gala sette yn septimber útein. It gala is dan op tongersdei 10 desimber.

Organisator Bauke Lodewijk en dielnimmer Charlotte Landman

(advertinsje)
(advertinsje)