Hoanne en fergulde bol werom op tsjerke Akkrum, tenei méi corona-ynskripsje

Mei it opknappen fan de toer fan de Terptsjerke yn Akkrum hat de restaurateur in bysûndere ûntdekking dien. Op it heechste punt, krekt ûnder de waarhoanne, steane meardere ferskes yn de bol skreaun. Twa gedichtsjes binne yn 1882 as fersiering yn de fergulde pynappel oanbrocht. De toer is eigendom fan Monumentenstichting Boarnsterhim. Dy hat besletten om fanwege de restauraasje fan de toer en it coronafirus in nije tekst op de bal ta te heakjen.
Tsjerke Akkrum
De hoanne en de pynappel op de toer binne troch restaurateur Klaes Posthuma fan Akkrum wer op 'e nij fergulde. Doe't er dêrmei dwaande wie, ûntduts hy de teksten yn de bol mei it iepenklappen dêrfan. "Ta ús ferrassing seagen wy der ynienen nijsgjirrige teksten yn. En benammen no yn 2020 wie it net ferkeard om der op 'e nij in ferhaal yn te setten. Mei de coronatiid moasten wy dêr wol omtinken foar hawwe," seit sekretaris Kees de Boer fan Monumentenstichting Boarnsterhim.
Twa âlde rymkes komme út 1882, mar nei alle gedachten is der ek om de oarlochstiid hinne wat yn skreaun. De Boer: "Wy wiene ek fernuvere dat dit der yn stie. Tsien tsjin ien dat it om de oarloch hinne ris bard is. Mar wy witte neat fan in restauraasje yn dy tiid. Dus it is in riedsel wa't der yn dy tiid nei boppen klommen is en 'rotmoffen' yn de bol skreaun hat."
De tekst yn de bol © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De teksten fan 1882:
"Van buiten goud, van binnen hol, Ben ik toch Akkrums grootste bol"
"Al ben ik van binnen niet gevuld, van buiten ben ik door M. Bakker verguld"
"17 juli 1882 kwam de haan boven op mij te staan, dat heeft Jan Sjoukes Hidma gedaan"
Nei alle gedachten is der yn de oarloch ynskreaun: "rotmoffen"
Dêr hat Monumentenstichting Boarnsterhim no in nij rymke oan taheakke:
Maitiid 2020
"Troch it koronafirus is de hiele wrâld oerstjoer, yn dy dagen komme der nije laaien op de toer"
Sekretaris De Boer fertelt dat der ferskate ferhalen om sokke bollen hingje. "It is wol it ferhaal dat de boutekeningen fan de toer yn de bol opsletten waarden yn sa'n bol, as de toer klear wie. Foar it gefal as de toer in kear yn 'e brân fleane soe. Dan soe de spits fan boppen komme en dan rôle de bol fan de toer ôf, sa't de tekeningen bewarre bleaune. Spitigernôch sieten dy hjir net yn. It hat wol in mytyske funksje: it moat geasten fuortjeie, sa'n glimmende bal dêr wurde je bang foar yn de loft. In krystbal hat in selde soarte funksje."

Restauraasje

Der moast in soad barre oan it dak fan de toer. Der wie lekkerij en dêrtoch wie it houtwurk oan it rotsjen. Ferskate balken fan de spantkonstruksje binne wersteld en mear as de helte fan it dakhout is ferfongen. Ek de laaibedekking op de toerspits is wer nij makke, en fierder is it foechwurk opknapt, it houtwurk skildere en de stilsteande klok oan de noardkant reparearre.
Monumentenstichting Boarnsterhim hat as eigener opdracht jûn foar it wurk, dat begelaat waard troch Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland. De Monumentenstichting is sûnt 2010 eigener fan de toer.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort mei Kees de Boer
De herfoarme Terptsjerke yn Akkrum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De restauraasje waard mooglik makke troch de Rijksdienst Cultureel Erfgoed, de Provincie Fryslân, de gemeente Hearrenfean, de PKN gemeente Akkrum, de Gravin van Bylandt Stichting, de Meindersma-Sybenga Stichting, het Prins Bernhard Cultuurfonds, de Stichting Dr. Hendrik Muller's Vaderlandsch Fonds, het Dinamo Fonds en de Stichting Bouwcultuurfonds Friesland