Kabelnoord skeakelet twadde bedriuw yn om glêsfezel oan te lizzen yn bûtengebieten

Kabelnoord yn Dokkum hat in twadde bedriuw ynskeakele om glêsfezel oan te lizzen yn it bûtengebiet fan de provinsje. De wurksumheden binne úteinset yn de gemeenten Waadhoeke en Harns. De ekstra ynset is nedich om it projekt neffens ôfspraak klear te ha yn 2021.
Glêsfezel ynternet © Shutterstock.com
In oare oannimmer is folop dwaande yn de gemeenten Opsterlân, East- en Weststellingwerf, Smellingerlân en Noardeast-Fryslân. Yn 2017 krige Kabelnoord de opdracht foar de oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet yn de provinsje Fryslân.
Yn totaal sechstich prosint fan alle belutsenen binne oanmeld foar in abonnemint by in provider en dêrmei in glêsfezel-oansluting fan Kabelnoord. Mei de provinsje Fryslân is ôfsprutsen dat njoggentich prosint fan de dielnimmers yn 2021 oansluten is.