Mear as de helte minder besikers foar Fryske iepenloftswimbaden

11 aug 2020 - 20:00

Iepenloftswimbaden hawwe folle minder besikers as ferline jierren. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Omrop Fryslân, dy't mei tsien swimbaden sprutsen hat. Fiif dêrfan helje noch mar de helte fan harren gewoane besikersoantallen. Trije hawwe noch mar in tredde of minder oer en twa kinne no noch net genôch sizze oer de sifers. Dochs is der by de measten noch gjin panyk as it giet om de finânsjes.

Foto: Omrop Fryslân

De reden foar it legere besikersoantal is it coronafirus. Elts swimbad is hjirtroch letter iepen gien en hat in maksimum oantal besikers, sa't de 1,5 meter-regel garandearre wurde kin.

Maksimum wurdt faak net helle

Opfallend is dat sa'n maksimum mar by trije fan de tsien swimbaden somtiden berikt wurdt. Yn Wytmarsum en Noardwâlde is de kaartferkeap online. Amber Zwaagemans fan swimbad Mounewetter yn Wytmarsum: "Om 19.00 begjint ús online kaartferkeap foar de folgjende dei. Mei moaie dagen hawwe wy meimakke dat it binnen in oere útferkocht is."

Yn Gytsjerk is de ferkeap just oan de doar en kinne minsken wachtsje oant der wer ien nei bûten komt foar't sy der yn meie.

Minder baantsjeswimmers en abonneminten

Dat der minder besikers binne, leit him dus net altyd oan it feit dat der gjin romte is, want by 7 fan de 10 swimbaden is altyd wol plak. Wat by ferskate swimbaden wol sjoen wurdt is dat der minder abonneminten ferkocht wurde en dat benammen de fêste groep baantsjeswimmers, dy't gewoanwei in abonnemint hat, net mear of minder komt. It binne faak âldere minsken en dy nimme yn coronatiden leaver gjin risiko.

Mochten wy it echt swier krije, dan betinke wy wol wat oars om jild byinoar te krijen.

Bonne Helfrich, fan swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean

Nettsjinsteande de weromrinnende besikersoantallen seit it net altyd wat oer de finansjele situaasje fan it swimbad. Jantine Kuiken, De Sawn Stjerren yn Hallum: "Wy hawwe no echt in publyk fan fakânsjegongers, dy't ek in soad iten keapje. En wy hawwe noch aardich wat abonneminten ferkocht en sjogge dat minsken ús stypje."

By guon swimbaden wiene der ek gjin kosten op it momint dat it swimbad ticht bleau en wurdt der meastentiids in soad dien troch in groep frijwilligers wêrtroch't der net in soad personielskosten binne.

"De frou efter de kassa is by ús bygelyks in frijwilliger," seit Bonne Helfrich, fan swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean. "Mar oan it ein fan de dei rint hjir ek in groep fan de deibesteging. Dy helpt ús mei de puntsjes op de i te setten mei wat opromjen en skjinmeitsjen. Hjir is earst fuort gjin panyk. Mochten wy it echt swier krije, dan betinke wy wol wat oars om jild byinoar te krijen."

Redakteur Marije Klijnstra oer de swimbaden

Besikersoantallen nei ferwachting

Swimbad Gewoanwei 2020
Wommels - Zwembad De Klomp (it jier) - 85% 33.000 5.000
Noardwâlde - Openluchtzwembad De Dobbe (de dei) - 75% 1.200 300
Wytmarsum - Zwembad Mounewetter - 71% 70.000 20.000
Hallum - Openluchtzwembad De Sawn Stjerren - 58% 33.000 14.000
Surhústerfean - Zwembad Wettervlecke - 50% 50.000 25.000
Skiermûntseach - Optisport Zwembad De Dúnatter - 44% 450 250
Haulerwyk - Zwembad Haulewelle - 40% 20.000 12.000
Gytsjerk - Sawn Doarpen - 40% 1000 600
Garyp - Zwembad It Baeijersplak (spesjaal foar bern) - - -
Kollum - Optisport Zwembad It Paradyske - - -
Jobbegea - Zwembad Jubbega ticht ticht ticht
(Advertinsje)
(Advertinsje)