Fee koel hâlde yn de hjitte: fan kowedûs oant plasdras

11 aug 2020 - 19:10

Net allinnich minsken, mar ek it fee hat it dreech mei de waarmte. Dochs liket it oant no ta op de measte plakken noch wol wat ta te fallen en binne der noch net folle problemen. De bisten hawwe it wol waarm mar mei goed fretten en drinken en ferkuolling yn 'e stâlen hâlde se it oant no ta aardich út, sa liket it.

Fee en de hitte

Saneamde 'heechproduktive kij' op de meast grutte, yntinsive bedriuwen hawwe de measte soarch nedich, seit bistedokter Henk Ebbinge fan Wommels. Kij op dy bedriuwen brûke in soad enerzjy om de hege molkeproduksje op gong te hâlden.

Kowedûs yn Gytsjerk

Peter Lekkerkerker fan Gytsjerk is sa'n bedriuw. Hy hat goed 250 kij en dy bisten geane net nei bûten. Om de stâl koel te hâlden is it dak isolearre en steane der sprinklers op it dak om dat ôf te kuoljen. Yn 'e stâl hingje grutte fentilatoaren. Fierder is der in dûssysteem om de kij koel te hâlden. It fretten is ek oanpast om problemen mei de mage foar te kommen. As de mage fersuorret kin der poeperaasje folgje en oare sûnensproblemen oant de dea oan ta. "Mar as je der goed om tinke dan bart dat net", seit Lekkerkerker.

Skaad en plasdras

Biologysk boer Wytze Brandsma fan Boalsert hat de kij eins altyd bûten. Wetter is dêr genôch. Net allinnich út de sleat mar ek op syn 'plasdras'-lân dêr't hy wetter op pompt. Yn de wat ferâldere lisboksstâl is it foar de kij te waarm. "It ferget wat mear omtinken, mar dan meitsje ik my gjin soargen," fertelt Brandsma dy't ek skiep en in baarch hâldt. De skiep kinne it skaad opsykje en de baarch leit graach yn de drek dy't ûntstiet om't Brandsma wetter yn de omheining spuitet.

Ebbinge seit mei klam dat der genôch omtinken foar de bisten wêze moat. Want dat is mei de waarmte wol nedich. Yn syn praktyk falle de problemen oant no ta ta, seit hy. "Ik sjoch dat de measte boeren it aardich foarinoar hawwe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)