Fertochte oanholden nei oerfal op blommesaak yn Wolvegea

11 aug 2020 - 15:52

De plysje hat tiisdei yn Wolvegea in man oanholden, dy't derfan fertocht wurdt dat er flak dêrfoar in blommesaak yn it âlde stasjonsgebou oerfallen hat. Hy hie de blommist bedrige mei in stanleymes, dy't dêrnei jild joech.

Foto: CAMJO media

De fertochte rûn fuort mei it jild, wêrnei't der in Burgernet-melding útdien is. Minsken waard frege om út te sjen nei de fertochte. Hy waard sjoen yn de buert fan de trein. Twa plysjes ha de fertochte dêr oanholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)