CDA Weststellingwerf: 'Gefaarlik krúspunt by Noardwâlde moat oanpakt wurde'

11 aug 2020 - 15:43

In gefaarlik krúspunt op de provinsjale dyk by Noardwâlde moat no echt in kear oanpakt wurde. Dat fynt it CDA yn de gemeente Weststellingwerf. De partij besiket dat al jierren foar inoar te krijen, omdat der geregeld ûngelokken barre. It giet om it krúspunt by de Friesche Brug.

De krusing - Foto: Lourens Looijenga

Autobestjoerders út de rjochting Wilhelminaoord krije dêr net altiten foarrang. Neffens de gemeente is de dyk der de ôfrûne jierren wol op oanpast, mar wethâlder Jack Jongebloed seit dat ûngelokken net altiten foar te kommen binne. It CDA yn Weststellingwerf leit him dêr net by del. Dy lûkt wer by de wethâlder oan de bel en skeakelet ek de eigen provinsjale fraksje yn.

(advertinsje)
(advertinsje)