Kuorbalklup SCO wol net spylje tsjin Amsterdamske klup

De oefenwedstriden fan kuorbalklup SCO út Aldeholtpea tsjin AKC/Blauw Wit út Amsterdam geane net troch. De wedstriden tusken de twa klups stiene foar kommend wykein op it programma, mar SCO hat him weromlutsen. Oanlieding is it groeiende tal coronabesmettingen yn Amsterdam.
© ANP
SCO hat spilers dy't yn de soarch wurkje en dy sjogge it net sitten om te spyljen tsjin de klup út Amsterdam. Dy klup is teloarsteld oer it beslút. Binnen de seleksje binne der gjin minsken besmet.