Publyk fan nije wike ôf wer wolkom yn de rjochtseal

Publyk is fan nije wike moandei ôf wer wolkom by iepenbiere sittingen fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Mar minsken moatte har wol yn it foar oanmelde. Fanwegen de coronamaatregels is der in maksimum oantal minsken dat yn in seal kin.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Minsken dy't op ien of oare manier belutsen binne by in rjochtsaak krije foarrang, en dêrnei de parse. De romte dy't dan noch oer is, is beskikber foar it publyk.
It is wol ferplicht om yn it foar te reservearjen. Dat kin oant maksimaal twa wurkdagen foar de sitting.