Grut diel personiel fan restaurant Proefverlof sit yn karantêne

11 aug 2020 - 15:05

16 personielsleden fan it Ljouwerter restaurant Proefverlof sitte twa wiken yn karantêne. Sy ha yn kontakt west mei de kok, dy't posityf test hat op it coronafirus. Hy hie ferline wike by hoareka yn Dokkum west en is dêr besmet rekke. By in fersprieding yn Dokkum ha yn totaal op syn minst achttjin minsken it firus oprûn.

It giet yn totaal om sa'n 80 prosint fan it personiel dat yn karantêne moat. Sy ha gjin klachten, seit mei-eigener Willem Schaafsma.

Tiisdei is it restaurant ticht. Dêrnei is Proefverlof wol iepen, mar wurdt der wurke mei in lytsere kaart. Dat is besletten nei oerlis mei de GGD. De minsken dy't wol oan it wurk meie, ha net yn kontakt west mei de besmette kok.

De gasten dy't de lêste tiid by Proefverlof west ha, rinne gjin gefaar, meldt it restaurant. "Dat hat de GGD ús ek 100 prosint fersekere", seit Schaafsma. "De kok hat net sa besmetlik west dat er oaren sa gau besmette koe."

Safolste klap

It is de safolste klap foar Proefverlof. Begjin maart gong it restaurant ticht omdat in part fan it personiel siik thús siet mei in búkgrypfirus. Ein maart moast it restaurant fanwegen de coronamaatregels fan it kabinet langer ticht en ferline wike stie de keuken blank troch in stikkene wetterlieding.

Willem Schaafsma, ien fan de eigeners fan Proefverlof

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)