Kolleezjepartijen Eaststellingwerf wolle trochsette mei 8 fan 21 sitten

De trije kolleezjepartijen yn Eaststellingwerf wolle noch altyd de bestjoersperioade mei syn trijen ôfmeitsje. Dat seit fraksjefoarsitter Henk Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang. Syn partij rekke dizze wike opnij in sit kwyt. Dongstra wol dat der lanlik in ein makke wurdt oan 'zetelroof'.
Henk Dongstra, fraksjefoarsitter Ooststellingwerfs Belang © Lourens Looijenga
Niels van den Berg makke moandei bekend dat er Ooststellingwerfs Belang ferlit en oerstapt nei StellingwerfPLUS. It is al de fjirde sit dy't de partij dizze bestjoersperioade kwytrekket.

8 fan 21 riedsleden

De trije kolleezjepartijen ha no noch de stipe fan 8 fan de 21 riedsleden, want ek kolleezjepartij PvdA rekke dizze perioade al in sit kwyt. De kommende ferkiezingen binne pas op 16 maart 2022. De trije kolleezjepartijen fine dat se de rit útsitte kinne, seit Dongstra.
It is noch de fraach oft de ried ek fynt dat it kolleezje sa fierder kin. Oare wike tiisdei is der ekstra riedsgearkomste. Dongstra seit gjin idee te hawwen wat dêrút komt. As de trije kolleezjepartijen net trochgean meie, dan is in sakekolleezje neffens Dongstra in alternatyf. Dat is ek it gefal yn Smellingerlân.

Gjin sitten mear meinimme

Hy wol yn alle gefallen dat der wat dien wurdt oan riedsleden dy't in partij ferlitte en de sit behâlde. Dongstra fynt dat minsken dy't foar in partij op de kieslist steane, in ferantwurdlikheid ha nei dy partij en net oerstappe meie nei in oare fraksje. Mar formeel wurde riedsleden as yndividu keazen en is in sit net fan de partij.