FIDEO: Justysje easket selstraf tsjin fertochten mishanneling Froubuorren
De offisier fan justysje easket njoggen moanne selstraf, wêrfan trije moanne ûnder betingst, tsjin in fertochte fan de mishanneling fan twa jonges yn Froubuorren yn maaie 2018. Hy is de man dy't de earste klappen útdielde. Tsjin twa oare fertochten wurdt acht moanne sel easke, wêrfan fjouwer ûnder betingst.
De trije manlju wurde der fan fertocht dat se twa jonges, in twilling, swier mishannele ha yn in feesttinte op it festival Frou Rock. De twilling hie gjin idee wêrom't se klappen krigen. Justysje ferwyt de trije fertochten swiere mishanneling en swiere mishannelng 'in vereniging'.
De slachtoffers ha noch altyd lêst fan wat der doe bard is. "It binne bylden dy't my pleagje yn myn sliep", seit ien fan de twa. "Myn fertrouwen yn oare minsken is slim skansearre. Ik haw noch noait ien in klap jûn."
"Der kaam gjin ein oan", fertelt syn twillingbroer. "Hoe kinne je in minsk soks oandwaan? No noch binne der dagen dat ik pineholle ha. Wy sille ús hjir libben lang mei libje moatte."