Ljouwerter (53) oppakt foar bedriigjen jonge mei mes

In 53-jierrige man út Ljouwert is moandeitejûn troch de plysje oanhâlden, om't hy in jonge mei in mes bedrige hat. De jonge fan 17 jier waard op de Robinsonstrjitte troch de man bedrige.
© Omrop Fryslân
De plysje pakte de man letter yn syn wenning op, mar hy wurke net mei en misledige de plysjes. Ek wegere hy in blaastest. De man is ynsletten foar fierder ûndersyk.