Lêzingen tsjûgen en fertochten mishanneling Froubuorren lizze fier útelkoar

11 aug 2020 - 12:22

Der sit in soad romte tusken de ferklearringen fan tsjûgen en de belibbing fan de trije fertochten yn de saak oer de mishanneling yn Froubuorren, dy't tiisdei yn de rjochtbank behannele wurdt. By de mishanneling op 28 maaie 2018 rekken twa jonges, in twilling, swier ferwûne.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It ynsidint die him foar yn in feesttinte op it festival Frou Rock. De twilling hie gjin idee wêrom't se klappen krigen. "De âldste fertochte, in man út Stiens, ferklearret dat hy tocht dat de twilling skuldich wie oan de mishanneling fan syn bruorke, in skoft dêrfoar", seit ferslachjouwer Onno Falkena, dy't de saak folget. "Hy seach de twilling, is op ien fan de manlju ôfstapt, waard fuortendaliks lilk en begûn al gau mei slaan."

'Poging ta berôvjen fan it libben'

Dêrnei kamen ek twa maten fan de fertochte út Stiens derby. "Dat is útrûn op in ridlik 'ernstige mishandeling', sa't it foar de rjochtbank presintearre waard. De trije fertochten wurdt ek ferwiten dat se besocht ha om de twa slachtoffers fan it libben te berôvjen."

Als je meedoet aan een vechtpartij, dan wil je die winnen.

Ien fan de fertochten, dy't it hat oer in fjochtpartij yn stee fan mishanneling

De fertochten ha it lykwols net oer in mishanneling, mar oer in fjochtpartij, wêrby't der dus twa partijen wiene. "En als je meedoet aan een vechtpartij, dan wil je die winnen", seit ien fan de fertochten. Ien fan harren seit dat er mear klappen jûn hat as krigen en in oar jout ek ta dat er hurd slein hat. Twa fan de trije fertochten ha in strafblêd. Sûnt de mishanneling yn 2018 geane se net mear nei tintefeesten. Se ha spyt fan wat der bard is, mar dat hat ek te krijen mei de negative gefolgen fan de saak foar de manlju sels.

Tsjûgen benaud foar libben slachtoffer

Der binne tiisdei ek in hiel soad tsjûgeferklearringen ôflein yn de rjochtbank. Ien fan dy tsjûgen sei dat it net samar in fjochtpartij wie. Ien fan de slachtoffers is mei de holle op in bar slein. Guon tsjûgen wiene benaud dat ien fan de slachtoffers it net oerlibje soe.

Jelle en Wander Haan - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"De rjochter hat besocht om út te finen wa't dat slachtoffer mei de holle op de bar sloech", seit Falkena. "De twadde fertochte seit dat hy dat net wie. En alle fertochten ûntkenne dat se ien fan de slachtoffers skopt ha."

Soad belangstelling

Der is in soad belangstelling foar de saak. Tsientallen minsken stiene tiisdeitemoarn foar de rjochtbank om de saak te folgjen. Fanwegen de coronaregels mei der mar in beheind tal minsken yn de seal. "De rjochtbank wist net yn it foar dat der sa'n soad belangstelling wie", seit Falkena. "Oars hiene se soarge foar in gruttere seal of in livestream."

Guon belangstellenden wisten wol dat de rjochtbank fanwege corona ticht is foar it publyk, mar kamen der dochs om de twillingbruorren en de famylje in hert ûnder de riem te stekken.

(advertinsje)
(advertinsje)