Plysje publisearret bylden fan swiere mishanneling yn Snits

11 aug 2020 - 11:22

De plysje hat tiisdei bylden op ynternet set fan in swiere mishanneling yn Snits, sneintenacht 2 augustus dit jier. By de Looxmagracht yn 'e stêd waarden twa manlju, in 28-jierrige út Utrecht en in 28-jierrige Amsterdammer, troch in groep jongeren oanfallen.

Update 13 augustus: de plysje hat de bylden yntusken wer offline helle.

De slachtoffers en de groep jongeren moeten inoar op de Looxmagracht en rekken yn petear. Ynienen rûn de situaasje út 'e hân, sa't ek te sjen is op de bylden. De slachtoffers besochten fuort te kommen, mar dat slagge net. Se waarden tsjin 'e grûn wurke en tsjin 'e holle skopt. De man út Utrecht waard tsjin 'e holle slein en yn 'e grêft treaun. Hy koe noch op eigen krêft út it wetter komme.

Noch gjin dieders

De plysje hat de slachtoffers nei it sikehûs brocht. Dêr binne se behannele. De plysje hat fuortendaliks socht nei de dieders, mar dy syktocht is net slagge. De groep bestie út seis persoanen. Ien fan har ried op in scooter. Minsken dy't mear witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

De bylden binne tiisdei online set. De plysje hat earder fia social media in oprop dien oan de fertochten om harren foar moandei by de plysje te melden. Dat is net bard; dêrom hat de plysje de bylden no publisearre.

Trefwurden: 
plysje mishanneling Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)