Akyol, Van Engelshoven en Buma iepenje nije jier Friesland College online

11 aug 2020 - 10:55

De iepening fan it stúdzjejier fan it Friesland College kin dit jier net mei in grutte gearkomste yn in seal, mar de skoalle komt yn plak dêrfan mei in online programma. Ferskate gasten prate oer ûnderwerpen dy't de studint en de skoalle oangean, ûnder wa skriuwer Özcan Akyol, minister Ingrid van Engelshoven en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert.

Özcan Akyol - Foto: ANP

Se ha it ûnder oare oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn dizze tiid, staazjes en praktykfoarming yn in ekonomy dy't it dreech en oer de aktualiteiten. Oare sprekkers binne tafelgast Splinter Chabot, de Sniters ûndernimster Bo Anema (25) en Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord.

Ek guon studinten skowe oan yn de studio yn Snits, krekt as it kolleezje fan bestjoer fan it Friesland College. It programma is foar de studinten fan it Friesland College, mar is foar elkenien online tagonklik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)