Tuskenstân Kulturele Haadstêd

15 nov 2011 - 11:16

De provinsje en gemeente Ljouwert meitsje woansdei op in parsekonferinsje bekend hoe't it fierder moat mei de plannen om Kulturele Haadstêd fan 2018 fan Europa te wurden.

Dan presintearje se ek de útkomsten fan in draachflakûndersyk. Omrop Fryslân hat dy sifers earder al bekend makke. Fan de 9000 ferstjoerde enkêteformulieren binne 750 weromkaam.

De gemeente Ljouwert is no de grutte lûker fan it projekt, neidat bliken dien hat dat Fryslân dat as folsleine provinsje net dwaan mei fan de sjuery. Utrecht, Maastricht, Den Haach en Eindhoven binne de oare Nederlânske gadingmakkers foar de Kulturele Haadstêd yn 2018.

Trefwurden: 
KH2018
(advertinsje)