Bewenners ferwûne nei oerfal yn Beetstersweach, twa fertochten oppakt

11 aug 2020 - 12:26

By in oerfal op in wenning oan de Healwei yn Beetstersweach binne tiisdeitemoarn betiid twa bewenners licht ferwûne rekke. It giet om in man fan 68 jier en in frou fan 67 jier.

Beetstersweach

De twa fertochten, in man fan 50 út Drachten en in 35-jierrige frou út Beetstersweach, fregen de bewenners in bedrach oer te meitsjen nei in oare rekken. Dêrby brûkten se geweld, wêrnei't se útnaaiden op in scooter.

"De bewenners fertelden dat der oanbelle waard", fertelt Bert Sietzema fan de plysje. "Se waarden ûnder druk set om jild oer te meitsjen. Dat hawwe se úteinlik ek dien. Dêrnei hawwe de bewenners fuortendaliks de plysje belle."

Fertochten oanhâlden

De plysje wie gau te plak. Om't de bewenners de fertochten koene, slagge it de plysje om se gau op te pakken. "It sinjalemint is trochjûn oan de plysje-auto's yn Fryslân", neffens Sietzema. "Doe't dêrnei it adres fan ien fan de fertochten dúdlik wie, waard dêr in scooter mei waarme motor oantroffen. Yn de wenning yn Drachten waarden de twa fertochten oanhâlden."

It jild dat de slachtoffers oermakke ha, koe mei help fan de bank feilichsteld wurde. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de saak.

Bert Sietzema fan de plysje

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
plysje Beetstersweach oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)