Kollum: "Yn de giele Roelvink neist Beitske II"

"Ofrûne snein wie it safier: de oankundiging fan de earste hjitteweach fan 2020. It RIVM is der bliid mei, want no kinne se it ris oer wat oars ha as oer it firus. Even gjin oardel meter, wol of net mûlekapkes of teststrjitten op Skiphol en yn parkeargaraazjes.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
It Nasjonale Hjitteplan kin taljochte wurde, wat foar in protte minsken in needsaak blykt te wêzen. Sa as punt 1 dêrfan: 'Drink genôch, ek al hast gjin toarst.' Ik ha op slach bier hamstere. Neffens it RIVM is dat dan wer net de bedoeling, om't alkohol de saken allinne mar slimmer makket.
Jim hearre it al, ik bin ek ien fan dy gefallen dy't útlis ha moat. In folgjend punt is it kontinu fentilearjen troch ruten yn in kier te setten. Eigenaardich, om't ik miende dat alles yn 'e hûs just ticht moast om de waarmte bûten te hâlden. Affijn, it folgjende advys giet oer it oanlûken fan tinne klean. Dêr bin ik bliid mei, want de bodywarmer en de wollen sokken wiene my ûnderwylst smout genôch. It advys om it skaad safolle mooglik op te sykjen fûn ik ek ferhelderjend.
It sette my oan it tinken oer mear plakken dy't noflik wêze kinne foar in minske dat net libjend kremearre wurde wol. Dêrby kaam ik bygelyks op de stâl fan maatskip Riedstra yn Ryptsjerk. Dy hat nammentlik in fernevelynstallaasje dy't de kij koel en fris hâldt. Dat liket my wol wat. Boppedat is it hartstikke Zen om yn in giele Dries Roelvinkbroek neist Beitske II te lizzen. Minder Zen mar wol effektyf is boadskipje yn de supermerk. Even in healoere boppe de djipfriespizza's, de bitterballen en it gebak hingje.
Noch wat dêr't je net fuort oan tinke is de bioskoop. Amper minsken en lekker koel. De film dy't draait is fan ûndergeskikt belang, dat sille jim begripe. De lêste tip is dy fan it binnendoarswimbad. Omdat elkenien as sardyntsjes yn in blik op it strân leit, is it yn de binnendoarswimbaden moai rêstich. Fierder is de temperatuer dêr konstant, en leger as bûtendoar. Dat, no't de fisken yn de sleat lizze te gapjen en de túntsjes yn woastinen feroarje, is it saak om ús oan te passen. Net allinne as yndividu, mar ek en foaral as maatskippij.
De temperatuer leit ommers yn de steden gemiddeld in pear graden heger as op it plattelân. Dat betsjut dat de ynrjochting fan sokke plakken feroarje moat. Yn Arnhem binne se dêr al mei begûn. It griener meitsjen fan de binnenstêd tsjinnet ferskillende doelen, dêr't de klimaatbestindigens ien fan is. It griener meitsjen ferlytset nammentlik de hjittestress en de wetterproblematyk.
De biodiversiteit wurdt der grutter fan en it sjocht der fansels folle moaier út. Tink oan beammen yn bakken, oan beammen yn de folle grûn, oan plantebakken en geveltunen. Sokke grienplannen sil it hiele Nederlân mei oan 'e slach moatte, om de hjitteweagen dy't ús noch wachtsje oan te kinnen. Yn de tuskentiid lis ik neist Beitske II. Yn myn giele Dries Roelvink."