Meiwurker húsdokterspraktyk Damwâld posityf test op coronafirus

In meiwurker fan de húsdokterspraktyk Mûnewei yn Damwâld is op snein posityf test op it coronafirus. Dat meldt de praktyk op harren webside. De praktyk hat maatregels naam om de feiligens fan de pasjinten te garandearjen.
De húsdokterspraktyk Mûnewei © Google Streetview
De praktyk is allinnich noch iepen foar needsaaklike soarch en besiket sa folle as mooglik om op ôfstân en telefoanysk te helpen.
De praktyk nimt kontakt op mei minsken wêrfan't tocht wurdt dat se in ferhege risiko rûn ha.