Basketbalklup Aris Ljouwert hellet nije spiler út Kanadeeske kompetysje

10 aug 2020 - 20:26

Basketbalklup Aris Ljouwert hat him foar it kommende seizoen fersterke mei Jean-Victor Mukama. De 25-jierrige Kanadees komt oer fan Hamilton Honey Badgers, dat spilet op it heechste nivo yn Kanada.

Foto: Aris Ljouwert

De guard fan 2.03 meter geniete syn basketbaloplieding by Ryerson University en spile dêrnei ek noch by Patriots Basketball Club yn Rwanda.

Coach Ferried Naciri is bliid mei de nijste oanwinst. "Jean-Victor geeft ons met zijn lengte iets extra's vanuit een verdedigend standpunt, maar tegelijkertijd krijgen we met hem ook een speler die kan scoren op meerdere manieren, wat precies past in het profiel dat we zochten", sa seit de Belgyske coach.

Mukama is de tredde nije spiler foar Aris dizze simmer. Earder makken de Amearikaan Chad Frazier en de Fransman Thomas Smallwood al de oerstap nei Aris. De Ljouwerters hawwe no tsien spilers foar it nije seizoen. De klup ferwachtet op koarte termyn de seleksje folslein te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)