Waarman Gerrit Hiemstra: 'Tal tropyske dagen sil yn takomst allinnich mar tanimme'

10 aug 2020 - 19:45

It is de ôfrûne dagen hiel waarm yn ús provinsje. De ien fynt dat geweldich, de oar hat der lêst fan. Mar neffens NOS-waarman Gerrit Hiemstra sille we der yn elk gefal oan wenne moatte. "It tal tropyske dagen sil yn de takomst tanimme, ek yn Fryslân", sa seit Hiemstra, dy't twa wiken lyn werom nei Fryslân ferhuze is.

Gerrit Hiemstra - Foto: Omrop Fryslân

Yn de foarige iuw hienen we fansels ek wol ris waarme simmers, mar neffens Hiemstra komt it no folle faker foar. "De ekstremen nimme ek ta. Foarich jier ha we mear as 40 graden hân. Dat is ongekend, dat ha we noch nea earder hân. De ekstremen komme op in heger nivo út. Dat is in trend dy't him al in tiid foardocht", seit Hiemstra. "July wie oan de koele kant, dat kin der ek tusken sitte, mar gemiddeld sjoen giet it omheech."

Untkenners

Net elkenien leaut lykwols yn de klimaatferoaring. Op it sosjale medium Twitter giet de waarman dêroer regelmjittich yn diskusje. "Dat heart ek by myn fak en by it wurk dat ik doch. As je der ferstân fan ha en je binne bekend, dan fyn ik it by myn taak hearren om der safolle mooglik ynformaasje oer te jaan. Mar der binnen minsken dy't bewust desynformaasje ferspriede, of nepnijs sa as dat tsjintwurdich hjit. Der meitsje ik my wol drok om."

Neffens Hiemstra sille sy nei alle gedachten ek ea wol ynsjen dat it klimaat feroaret. "It is sa dat elkenien syn eigen tempo hat om sokke grutte feroaringen te akseptearjen. Ik bin ek net sa berne dat ik altyd al tocht dat it klimaat sa feroarje soe. Dus ik ha dy transysje ek meimakke, mar ik bin wol wat earder as gemiddeld. De ien hat dêr wat mear tiid foar nedich as de oar", seit Hiemstra.

"Ik ha it selde meimakke mei in elektryske auto. Dêr woe ik earst sels ek net oan, en no wol ik net mear werom. De foardielen sjogge je pas as je de stap sette", sa seit de Fryske waarman.

Gerrit Hiemstra oer de hjitte

(advertinsje)
(advertinsje)