Gebietsferbod en warskôgingen foar dwerse jongeren yn Weststellingwerf

10 aug 2020 - 17:26

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf hat in ynwenner fan Wolvegea in tydlik gebietsferbod oplein. Njoggen oare jongeren ha in warskôging krigen. Se wiene belutsen by in rige ynsidinten yn it sintrum wêrby't se foar in soad oerlêst soargen.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De oerlêst wie yn in tal wykeinen yn july en begjin augustus. Dêrby moast de plysje hieltiten optrede. Omdat de jongeren net lústerje woene, kaam der plysjegeweld oan te pas.

Boargemaster Van de Nadort fynt it gedrach fan de jongeren ûnakseptabel en hat dêrom yngrepen mei in gebietsferbod en warskôgingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)