Mark de Vries: "Ik ben destijds bij Cambuur de deur uitgewerkt"

10 aug 2020 - 16:57

Mark de Vries wurdt yn syn tiid by SC Cambuur in cultheld. Hy skoart oan de rinnende bân en wint by Cambuur sels 'de Gouden Schoen' foar bêste fuotballer fan de Earste Difyzje. Mei De Vries prate we oer syn tiid yn Skotlân by Hearts of Midlothian, oer it healjier by sportklup Hearrenfean, mar toch foaral oer Cambuur.

Ek prate we oer de promoasje dy't Cambuur misrint tsjin Roda JC en oer syn lêste jier en it nije kontrakt dat der net kaam: "Het was geen vernedering, maar ik dacht wel bij mezelf: Jullie willen mij klein houden. Jullie willen mij niet bij de club hebben."

Mark de Vries spilet fan 2008 oant en mei 2012 foar SC Cambuur en wurdt ien fan de populêrste spilers. Yn syn lêste jier, yn 2012, krijt hy in brief fan de klup dat syn kontrakt yn Ljouwert net ferlinge wurdt. In ynterview by FOX Sports mei De Vries giet dêrnei viral. De Vries krijt de triennen yn de eagen, omdat hy "zo graag wil voetballen".

"Ik heb dit heel lang niet gehoord. Laatst gaf ik een lezing op een basisschool en zag ik het weer eens. Toen raakte het me weer." De Vries is noch altyd lulk oer de gong fan saken fan acht jier lyn. "Die brief moest toen gestuurd worden, dat snap ik. Maar het is nu acht jaar verder, ik kan het nu wel zeggen. Ik wilde het woord schofferen of vernedering niet noemen, maar volgens mijn zaakwaarnemer mocht ik niet weg. Ik hoefde niet per se weg, maar ik was ook niet achterlijk. Ik wilde gewoon voetballen. Als ik weg was gegaan, had ik nog 1 of 2 jaar kunnen voetballen. Het was geen vernedering, maar ik dacht wel bij mezelf: Jullie willen mij klein houden. Jullie willen mij niet bij de club hebben. Toen heb ik ook gezegd, jullie hoeven mij niks meer aan te bieden, ik wil niet meer met jullie werken. Ik ben de deur uitgewerkt."

Hearts of Midlothian en Hearrenfean

Dochs omskriuwt Mark de Vries de tiid by Cambuur as syn moaiste tiid by in klup. Mar ek syn perioade by Hearts of Midlothian sjocht er as syn moaiste perioade. Yn Edinburgh is hy noch altyd in held. "Ik ga daar nog bijna elk jaar naartoe. Toen ik bij Volendam speelde, kon ik naar Karlsruhe. Ik kreeg ook een uitnodiging om bij Hearts te gaan kijken. Toen ik het stadion zag, Tyne Castle, zei ik meteen tegen mijn zaakwaarnemer: Hier wil ik spelen."

De Vries spilet yn 2006 ek noch in heal seizoen foar sportklup Hearrenfean. Hy spilet sân wedstriden en skoart trije kear. "Ik zat bij Leicester City en keek naar de persconferentie van Samaras die bij Manchester city gepresenteerd werd. Toen belde mijn zaakwaarnemer. Ik kreeg een fax bij de receptie en die kon ik tekenen. De volgende dag kon ik dan terug naar Nederland vliegen en voor Heerenveen spelen. Dat ging allemaal zo snel." De Vries docht it hielendal net min, mar in grut sukses wurdt it ek wer net. "Maar ik moest daar Huntelaar en Samaras opvolgen. Dat was niet te doen."

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Foto: Omrop Fryslân

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)