Douwe Gerlof Heeringa begjint waadherberch yn De Westhoek

Fries om utens Douwe Gerlof Heeringa, hy wennet op it stuit yn België, komt werom nei Fryslân foar in nije útdaging. Yn it eardere restaurant Gaya Indonesia yn De Westhoek op It Bilt begjint er in waadherberch: De Friezinn.
© Douwe Gerlof Heeringa
"Ik hie it pân al in pear jier op it each en ferline wike freed ha ik de kaai krigen", fertelt Douwe Gerlof Heeringa. Hy wol der in waadherberch fan meitsje. "It is in hiel aventoer, ik bin aventuerlik ynsteld. Jo moatte jo hert folgje. Ik bin dit jier 40 wurden en ik ha in soad plakken op de wrâld sjoen en ynspiraasje yn de hoareka opdien, ek op plakken tichtby de natuer. Westhoek is ek sa'n plak dêr't minsken útwaaie en kuierje en delkomme foar in bakje kofje, wat iten en dan mei oaren it libben wat trochnimme. Sa moat it libben wêze."

Sûn, biologysk en lokaal

Hy docht de herberch mei syn suske, se hat in foodcaravan en in soad ûnderfining yn de hoareka. Op termyn moatte gasten ek sliepe kinne. "Foar it iten wol ik my rjochtsje op wat op It Bilt fan see en lân komt. Dus de griente fan it seizoen, sûn, biologysk en lokaal."

Herbergier

Se binne no drok oan it slopen. "Der binne ek entûsjaste minsken dy't helpe wolle. We lizze sels foar op skema. Heal oktober wolle we iepen. Se neame my no al de herbergier fan de Westhoek." Mei pine yn it hert sil er België ferlitte, "freonen sille my misse en ik har ek."
Douwe Gerlof Heeringa