Ferkearsproblemen Fryske diken

16 jul 2012 - 15:56

De A6 fan Sint Nyk rjochting De Jouwer is moandeitemiddei in skoft ôfsletten west foar alle ferkear. Op it stik dyk wiene twa frachtauto's op elkoar botst. Dêrby is in 64-jierrige sjauffeur ferwûne rekke. In grut diel fan de lading bedarre op 'e dyk , it giet dan om meubels en rapen.

Ek op de A7 by Snits yn de rjochting fan Boalsert wie in ûngelok en moast it ferkear rekken hâlde mei hinder. Krekt fierder, op de eastlike rûnwei by Snits, rekke ek noch in karavan fan de dyk. Hjir hie it ferkear lykwols net safolle lêst fan.

Trefwurden: 
De Jouwer Sint-Nyk A6
(advertinsje)