Narsingh definityf nei PSV

16 jul 2012 - 15:11

Luciano Narsingh giet definityf fan Sportklup Hearrenfean nei PSV. Mei de klup út Eindhoven is de oanfaller it iens wurden en fan 'e middei hat er syn hantekening set ûnder in kontrakt foar fiif jier. De klups wiene der in pear dagen lyn al út. De ferkeap fan Narsingh leveret Hearrenfean goed 4 miljoen euro op. Neffens PSV is de seleksje mei it oanlûken fan Narsingh kompleet. Moandeitemoarn hat Narsingh foar it earst meitraind op De Herdgang.

De oanfaller spile 62 kompetysjewedstriden foar SC Hearrenfean, dêryn makke hy trettjin goals. Yn it ôfrûne seizoen wie hy ‘de kening fan de assist’ yn de earedivyzje mei tweintich assists. Hy skoarde sels acht kear. Narsingh waard ek selektearre foar de EK-seleksje fan it Nederlânsk alvetal. Fan 2010 ôf spile er yn Jong Oranje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean PSV
(advertinsje)