Tim Bakens nei SC Cambuur

Tim Bakens © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Tim Bakens is de achtste nije spiler dy't SC Cambuur oanlutsen hat. De 29-jierrige Bakens moat noch wol medysk goedkard wurde. As alles yn oarder is, tekenet er in kontrakt foar ien seizoen. Tim Bakens begûn syn karriêre yn it seizoen 2001/2002 yn de earedivyzje by De Graafschap. Dêrnei spile er foar RKC Waalwyk, FC Volendam en Sparta Rotterdam. Bakens komt transferfrij oer fan it Switserske Sankt Gallen.