Sel foar fernielers diskobus

De trije manlju út Tsjummearum dy't yn maart fan dit jier belutsen wiene by in fjochtpartij yn in diskobus yn Berltsum moatte de sel yn. Boppedat meie se trije jier lang gjin drank en drugs brûke en net yn oanrekking komme mei geweld. Verslavingszorg Noord Nederland sil tafersjoch hâlde op de trije troch geregeld bloedmeunsters ôf te nimmen.
Dêrneist krigen twa fan de fertochten moandei in jier selstraf wêrfan 6 moanne op betingst. De tredde fertochte krige 8 moanne wêrfan 4 op betingst.
De manlju krije dêroerhinne noch twa moanne ekstra selstraf om't it geweld plakfûn yn harren proeftiid. De bus waard foar in part fernield en in befeiliger dy't mei wie, krige klappen. De befeiliger hat noch altyd konsintraasjeprobelemen en kin net wurkje. De fertochten moatte ek noch in skeafergoeding fan 5000 euro betelje.