Gjin digitale eksamens mear

16 jul 2012 - 13:55
  • Cor Hoogeveen fan Skoallemienskip Liudger yn Drachten

It digitaal ôflizzen fan de eksamens yn it fuortset ûnderwiis wurdt foarearst stilset. Der binne dit jier twahûndert learlingen op tweinitich skoallen de dupe wurden fan software en kompjûters dy't net goed of hielendal net wurken. It 'College voor Examens' wol earst útsykje hoe't dat kin. De learlingen koenen gjin eksamen dwaan op de offisjele dei en moasten dêrom in pear wike letter noch in kear oan de bak.

Boppesteande jildt net foar de praktykeksamens yn it VMBO. Dat binne saneamde fleksibele eksamens.

Dy hoege net op deselfde dei ôfnommen te wurden en kinne yn 2013 wol op de kompjûter makke wurde.

Trefwurden: 
digitaal eksamens
(advertinsje)