Eurokommissaris nei Fryslân

Fryske flagge © ANP
Tongersdei sil eurokommissaris Johannes Hahn in besite bringe oan Noard-Nederlân. Hahn hat regionaal belied yn portefeuille. Nei in moeting mei it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, it SNN, sil Hahn in besite bringe oan ferskate projekten dy't mei Europeesk jild realisearre binne, sa as it ynstitút foar astronomysk ûndersyk yn Dwingeloo en it akademysk sikehûs yn Grins.
Yn Earnewâld sil in presintaasje jûn wurde troch wetterynstitút Wetsus en der is noch in netwurkbyienkomst.