Slachte-Rabobankjes feild

De saneamde Rabobankjes dy't yn juny by de rûte lâns stiene fan de Slachtemaraton binne feild. De opbringst fan 2000 euro giet nei it Foppe-fûns. Foppe de Haan hat it bedrach snein yn Drachten yn ûntfangst naam.
De fyftjin bankjes wiene ôfkomstich út de kringloopwinkel en yn gearwurking mei Paulo Martina fan museum Drachten is der keunst fan makke. Nei de Slachtemaraton koe in bod útbrocht wurde op de Rabobankjes.