Undersyk identiteit Waadgebiet

16 jul 2012 - 12:22
  • Stan Coenders fan stifting Wadden Art

De universiteit fan Hamburch docht in grut ûndersyk nei de kulturele identiteit fan it Waadgebiet. Minsken út Nederlân, Denemarken en Dútslân wurdt frege mei te dwaan. It wurdt dien yn opdracht fan stifting Wadden Art. Dy wol helder ha hoe grut de ûnderlinge ferskillen binne en hoe bot dat de ôfrûne jierren feroare is.

Sa wurdt ûnder oare sjoen nei oerienkomsten tusken de minsken. Ek moat dúdlik wurde oft in Deen oars nei it Waad sjocht as in Nederlanner.

Trefwurden: 
Waadgebiet
(advertinsje)