It Amelân fluchste beteller

16 jul 2012 - 12:16

It Amelân is de gemeente yn Nederlân dy't it gaust betellet, Dantumadiel is ien fan de dreechste betellers. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan wurkjouwersorganisaasje MKB Nederland. De eilângemeente betellet alle rekkeningen op tiid. Dat kinne se yn Dantumadiel net sizze. Wa't sjocht hokker gemeenten it stadichst de rekkens betelje, komt Dantumadiel op plak trije tsjin. Noch gjin 60 prosint fan alle rekkens wurdt op 'e tiid betelle.

Lanlik wurdt yn trochsneed 77 prosint fan alle rekkens op 'e tiid betelle troch gemeenten.

Neffens de gemeente Dantumadiel binne se net rieplachte by it ûndersyk dat dêrom ek foaral fragen opropt. De gemeente wol graach yn kontakt komme mei de gearstallers fan de list om út te finen wat der oan de hân is en oft se it ek better dwaan kinne.

Trefwurden: 
Amelân Dantumadiel rekken
(advertinsje)