PR fan Doarpswurk moat better

16 jul 2012 - 12:06

Doarpswurk moat him better profilearje fia de media. Der binne noch te folle minsken en organisaasjes dy't net goed op de hichte binne fan wat de stifting foar de doarpen dwaan kin. Dat docht bliken út in klanttefredenheidsûndersyk dat holden is ûnder alle bestjoerders fan doarpsbelangen en doarpshuzen yn Fryslân.

Fierder komt nei foaren dat der in soad fraach is nei bygelyks kursussen om te learen hoe om te gean mei krimp en duorsumens.

De organisaasje krijt in 7.6 mar der binne ek oandachtspunten dy't gefolgen foar de oanpak fan Doarpswurk hawwe sille. Sa wurde tenei spesjale ynfojûnen foar doarpsbelangen en doarpshuzen holden omdat de belangen te folle ferskille.

Trefwurden: 
doarpswurk
(advertinsje)