Waarme waar soarget foar stroomsteuringen op ferskate plakken yn Fryslân

10 aug 2020 - 15:03

Broeksterwâld, De Falom, Feanwâlden en twa strjitten yn Dokkum sieten moandeitemiddei sûnder stroom. Dat meldt Liander op har webside. Yn totaal gie it om 41 strjitten. Op dit stuit binne der ek noch lytse steuringen yn Aldwâld, Damwâld en op It Hearrenfean.

Liander oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De stroomsteuring hawwe neffens Liander te krijen mei it waarme waar. Yn Fryslân is sa'n 50 jier ferlyn in stroomnetwurk oanlein mei in bepaald type keppelstikken. Dy binne yntusken ferâldere en kinne mei oanhâldende waarmte problemen jaan. Om't it waarme waar yn Fryslân ta mear stroomsteuringen liede kin, is Liander alert op de situaasje en stean der ekstra monteurs klear.

Yn de ôfrûne 24 oeren hawwe der acht steuringen west yn Fryslân. Yn de ôfrûne waarme perioade, in pear wiken lyn, wienen der achttjin steuringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)