Fertochten oanhâlden foar ynsidint mei slim ferwûne asylsykster út Sint-Anne

10 aug 2020 - 15:02

De plysje fan Brabân hat snein yn it azc yn Gilze in 26-jierrige man en in 21-jierrige frou út Nigearia oanhâlden omdat sy belutsen wêze soene by in ynsidint wêrby't in 22-jierrige frou út it azc yn Sint-Anne siedend wetter oer har hinne krige. De frou wie by har freondinne yn Gilze op besite.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De fertochten, dy't mei-inoar troud binne, hiene it op dy frou foarsjoen, omdat se lesbysk is. Har freondinne sprong dertusken en krige doe it siedende wetter oer har hinne. Se rûn twaddegraads brânwûnen op oer har hiele liif.

De frou út Gilze rekke ek ferwûne, se waard slein. De man en frou dy't no oanhâlden binne, wurde fertocht fan iepenlike geweldpleging en swiere mishanneling. Se sitte fêst.

Willem van Hooijdonk fan de plysje, regio East-Brabân

(Advertinsje)
(Advertinsje)