Fytsnetwurk NW-Fryslân opknapt

It opknappen fan it fytsrûte-netwurk yn Noardwest-Fryslân is hast klear. It netwurk waard tsien jier lyn útset, as earste yn it noarden fan it lân. It jout minsken de mooglikheid om oan de hân fan ynformaasjebuorden en rûtepealtsjes sels har fytstocht út te setten. De 70 buorden binne ferfongen omdat se somtiden noch amper te lêzen wienen. Ek binne in tal rûtes oanpast en binne nije rûtes taheakke. It opknappen hat 90.000 euro koste.
Neffens de organisaasje achter it fytsrûte-netwurk hat dat de ôfrûne tsien jier in soad nije fytsers nei it noardwesten fan Fryslân lutsen.